21 oktober 2016

dag van de duurzaamheid

Aart Staartjes lęst foar op Sint Ludgerus yn Woarkum
Lutz Jacobi, Aart Staartjes en Hylke Speerstra ha op moandei 10 oktober foarlęzen op in Fryske basisskoalle. Oanlieding: De dei fan de Duorsumens / ‘Dag van de Duurzaamheid’ en de Berneboekenwike. Der is in Frysk ferhaal: In bysűndere pake foarlęzen. Yn Fryslân ha mear dan 130 skoallen meidien. Under de foarlęzers binne in protte pakes en beppes mar ek steateleden, boargemasters, wethâlders en riedsleden fan 16 gemeenten yn Fryslân.

It ferhaal ‘In bysûndere pake’ slút oan by it tema fan de berneboekewike: Opa en Oma, voor altijd jong. It ferhaal giet oer de pakesizzer fan Keunstskilder Jopie Huisman. In jonkje dy’t krekt as syn pake, bûten omstrúnt, skatten siket en de wrâld en de natuer ûntdekke wol.

It oarspronklike ferhaal fan Berber van der Geest is bewurke troch Janneke de Boer omdat de skriuwster sels net mear by steat wie om dat te dwaan. De yllustraasjes binnen makke troch Vera Damhuis.

Nei it ferhaal giet de foarlêzer mei de bern yn petear oer hoe’t dingen sûnder wearde wer wearde krije kinne. En dat die de keunstner Jopie Huisman fansels.

Alle skoallen yn Woarkum dogge ha mei dyn mei de foarlêsaksje; It ferhaal spilet har ôf yn de Holle Mar by Woarkum. Foarlêzer op de Pipegaal yn Workum wie Lutz Jacobi en op de Sint Ludgerussschool hat Aart Staartjes it ferhaal yn it Nederlânsk foarlêzen. Yn Akkrum, dêr’t alle jierren doursumensdei; De Reuzedei, is, hat op Ds Hasperschool wethâlder Siebenga fan de gemeente Heerenveen, yn it Frysk foarlêzen.

De foarlêzer hat nei ôfrin in bysûnder kado útdielt: in knikkerttegel fan op ‘e nij brûkt Frysk plestik. De unike tegel heucht de bern bliuwend oan it belang fan ôffalskieding en op ‘e nij brûken.

De foarlêsaksje op de skoallen wie op 10 oktober om 09.00 oere en duorre 45 minuten.

De foarlêsaksje is in gearwurking fan IVN, De Friese NME sintra, Jopie Huismanmuseum, Omrin, Cedin, Feitsma Fûns, Provincie Fryslân en Urgenda 

 

« terug naar het nieuwsoverzicht


Pyke Kroes Advies | Leeuwarden | 06-12859487 |